Op dizze webside fan de Stifting Fryske Tolkien is de kommende tiid ynformaasje te finen oer it multidissiplinêre keunstprojekt ‘De Twa Tuorren’.

De Twa Tuorren (The Two Towers) is it twadde diel fan Liuwe Westra syn oersetting fan J.R.R. Tolkiens masterwurk The Lord of the Rings (Master fan Alle Ringen).

It projekt ‘De Twa Tuorren’ omfettet lykwols net allinne Westra syn machtich taalbouwurk, mar ek in stik fotokeunst fan wrâldformaat.

De ynternasjonaal ferneamde fotografe Maartje Roos hat nammentlik de kreaasje fan de foto fan it boekomslach foar har rekken nommen.

Under de knop Fotokeunst wurdt it ûnsteansproses fan de foto sichtber makke en ûnder it kopke Oersetkeunst komt de oersetter oan it wurd en kinne meikoarten priuwkes fan de Fryske ferzje fan The Two Towers fûn wurde.

Om it projekt ‘De Twa Tuorren’ noch dit jier realisearje te kinnen, hawwe wy help nedich. Dat kin streekrjocht troch jild oer te meitsjen op rekkennûmer NL96ASNB 0932 219098, mar it is de kommende wiken ek mooglik om stiper te wurden fia de crowdfunding-webside Voordekunst.nl.

Klik hjir en help ús om dit prachtboek sa gau as mooglik de wrâld yn te krijen!