Maartje Roos is berne yn 1986 en studearre cum laude ôf oan de Fotoacademie te Grins. Sy hat eksposearre yn Amsterdam, Tokyo en New York, en waard yn 2015 útnûge om mei te dwaan yn it Nederlânske team foar de World Photography Cup. Se helle gâns nominaasjes, en waard útroppen ta ien fan de 100 ‘nije fotografy-talinten fan 2014’. “Maartje Roos makket gjin foto’s, se skept bylden.”

Mei har ingelegeduld regissearret se har foto’s oant yn it alderlytste detail. Har foto’s wurde bylden dy’t in ferhaal fertelle yn in selsbetochte werklikheid. Har manier fan wurkjen ferwiist nei techniken út ’e skilderkeunst. Har gearstalde komposysjes, allegear op lokaasje makke, roppe in folslein eigen byld op, dat ferfrjemdzje kin of just romantysk oankomme.

Bestjoer en Maartje Roos

Maartje Roos en de Stifting Fryske Tolkien hawwe de hannen yninoar slein. Der wurdt op dit stuit fûleindich wurke oan in prachtich boek: it moaiste boek yn it moaiste Frysk, mei faaks wol de moaiste foto dy’t der op stuit te krijen is. De Twa Tuorren kriget in hurd kaft en wurdt mei de hân ynbûn troch Wytze Fopma, ambachtlik boekbynder te Wier. It boek hat in 420 siden, en wurdt útfierd mei de foto fan Maartje Roos op it stofomslach.

Hjirûnder is te sjen hoe’t de komposysjefoto yn ferskillende fazen opboud wurdt: