Yn 1997 organisearre in útjouwer yn Ingelân in ferkiezing fan it moaiste boek fan ’e 20ste ieu. Dy ferkiezing waard mei gemak wûn troch The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien, yn it Hollânsk bekend as In de ban van de Ring. Gjin niget: it boek heart nei de Bibel ta de top 3 fan ’e meast ferkochte boeken fan ’e hiele wrâld.

Wat is de tsjoen fan Tolkien? Syn fertellerskeunst, syn fantasijwrâld, mar ek syn taal. Elke sin fan The Lord of the Rings is in keunstwurkje: moaie wurden, linich bewegend, altyd presys goed by de sitewaasje of de persoan. Guon útspraken bliuwe jin altyd by, lykas: Fool of a Took!And from that shadow none ever came again, en So passes Denethor, son of Ecthelion. Op ’e dei dat ik as santjinjierrige skoaljonge yn dit boek begûn, wie ik ferkocht. En altiten haw ik it by my hân: Dit soe der ek yn it Frysk wêze moatte …

Lang haw ik dat idee op ôfstân holden, ek al krige ik it boek geregeldwei werris út ’e kast om in stikje te lêzen – in stikje dat hast altiten in heal of in hiel diel waard. Under it lêzen kamen dan spontaan biten en brokken Fryske tekst by my op. Doe besocht ik, yn 2001, de earste fan ’e films fan Peter Jackson. Doe wie de hikke fan ’e daam. Ik kaam thús, helle diel 1 foar ’t ljocht, sette de kompjûter oan, en begûn skrutelwei te typen: Dit boek giet foar in grut part oer hobbits.

Tsien jier letter koe diel 1 fan Master fan Alle Ringen yn Ljouwert prissentearre wurde. Yn dy jierren haw ik in protte leard: oer Tolkien, oer The Lord of the Rings, en ek oer it Frysk, myn eigen memmetaal. In gefoel die bliken út te kommen: it Frysk is in alderûnbidichst rike taal, dy’t sels plak hat foar Tolkien syn fantasy-wrâld. Der is it ferskaat fan eptige skriuwtaal, âld en nij taaleigen, Frysk fan ’e Wâlden en fan ’e Klaai, Frysk rjochtút-as-in-bargesnút, en fansels ús wakker populêre understatement. Al dy registers hie ik ek wol ferlet fan, mar stap foar stap kaam ik mear yn ’e besnijing: Blinder, kin dit allegear yn it Frysk?

En dan binne Tolkien syn ferhalen ek noch mear as sljochtwei hinne en wer. Elk wit wol dat Tolkien in tal eigen talen betocht hat foar de ûnderskate groepen dy’t yn syn wrâld omhúsmanje. Minder bekend is it, dat dy talen ek subtyl trochwurkje yn nammen dy’t foar it each neat bysûnders lykje. It plakje Archet en de bosk Chetwood yn it Skreelân sitte bygelyks illeminten út it Welsk yn. Alwer in skitterjende útdaging foar in leafhawwer fan talen.

De nijsgjirrichste ûntdekking fan ’e lêste jierren op it mêd fan Tolkien syn boeken fyn ik, dat de skriuwer syn ferhalen mei sin as oersetting prissentearre hat. De gewoane taal dy’t de measte personaazjes brûke is yn it orizjineel gjin Ingelsk, mar is út ’e taal fan ’e Hobbits yn it Ingelsk oerset – alteast, sa wol Tolkien it ús wiismeitsje. De bekende ‘sneltrein’ fan fjoerwurk dy’t yn it earste haadstik oer de hollen fan ’e feralterearre hobbits deldaverjen komt is dan ek net in fersin fan ’e skriuwer, mar in knypeach nei de lêzer: Fansels, dy hobbits wisten net wat in trein wie, mar wat jim lêze is ek net it orizjenele Reade Boek, mar myn oersetting!!


Dat lêste brocht my op it idee, om de troch alles hinne Ingelske sfear fan Tolkien syn boeken net allinnich yn taal oer te bringen nei Fryslân, mar ek yn byld. Mei Maartje Roos, op dit stuit bekend as ien fan ’e meast talintearre fotografen fan Nederlân, haw ik in konsept betocht foar in foto, dy’t it ferhaal fan Tolkien yn ien kear yn in Frysk lânskip pleatst. De wite Shadowfax waard no in Frysk hynder, de twa tuorren binne werom te finen yn it Fryske lânskip en de Fryske mienskip, en de greiden sûnder ein fan Rohan binne ‘oerbylde’ nei de Greidhoeke. Dy foto sil no as stofomslach it twadde diel fan myn Tolkien-oersetting in skitterjende mearwearde jaan.

Liuwe Westra, Lollum

 
Lês hjir fierder oer de fotokeunst fan Maartje Roos.