Master fan Alle Ringen: De Twa Tuorren

It moaiste boek yn it moaiste Frysk, mei faaks wol de moaiste foto dy’t der op stuit te krijen is.

Om sa’n bysûnder projekt ek echt werklikheid te meitsjen, hawwe wy stipe nedich.

Hâlde jo fan Tolkien, hawwe jo wat mei taal, drage jo de Fryske taal in waarm hert ta – doch dan mei!

Elk bedrach of bedrachje is wolkom.

Dat kin streekrjocht fia it rekkennûmer: NL96ASNB 0932 219098 û.f.f. ‘De Twa Tuorren’.

Mar jo kinne ek nei de webside Voordekunst.nl gean en kieze foar ien fan de mooglikheden om de Tolkienwrâld út te wreidzjen mei dit monumintale en byldrike wurk yn de Fryske taal.

Ut namme fan de Stifting Fryske Tolkien en Maartje Roos Photography:

Tige tank yn ’t foar!

 

Keunstprojekt ‘De Twa Tuorren’

Master fan Alle Ringen: De Twa Tuorren kriget in hurd kaft en wurdt mei de hân ynbûn troch Wytze Fopma, ambachtlik boekbynder te Wier. It boek hat in 420 siden, en wurdt útfierd mei de spesjale foto fan Maartje Roos op it stofomslach.


Stipemooglikheden

Hjirûnder steane in hiele rigele tsjinprestaasjes dy’t wy graach leverje oan minsken dy’t mear as in lyts bytsje meihelpe.

Tip: € 80

Foar €80 krije jo in eksimplaar fan it boek yn spesjale útfiering fan in beheinde en nûmere oplage, mei foaryn in hânskreaun en persoanlik kwatryn foar jo (of foar ien dy’t jo it tahawwe wolle), en fansels sinjearre troch oersetter en fotografe. Fierders in tagongskaart foar de presintaasje op 11 novimber 2016 yn Lollum én in eksimplaar fan it essay Twa Tuorren yn Fryslân.

Let op: Dit persoanlike en nûmere eksimplaar is inkeld op dizze manier bij Voordekunst.nl te krijen!

€ 15

Jo krije in tagongskaart foar de feestlike presintaasje op 11 novimber 2016 yn ’e Greidhoekekatedraal te Lollum. De kaart is in lyts keunstwurk, basearre op de omslachfoto fan Maartje Roos.

€ 30

Jo krije in eksimplaar fan it essay Twa Tuorren yn Fryslân en in tagongskaart foar de presintaasje op basis fan de omslachfoto troch Maartje Roos. It essay wurdt útjûn yn ’e foarm fan in nite brosjuere op A5-formaat fan likernôch 24 siden.

€ 55

Jo krije in eksimplaar fan it boek sûnder dat jo dêrfoar nei Lollum hoege te kommen. It boek wurdt sa gau mooglik nei de presintaasje by jo besoarge.

€ 100

Jo krije in eksimplaar fan in bysûndere muzykútjefte: fjouwer lieten út The Lord of the Rings yn Fryske oersetting, op muzyk set foar piano en mingd koar troch net minder as Feike van Tuinen, ien fan ’e wichtichste Fryske komponisten fan dizze dagen. Jo krije de muzykútjefte yn ien pakket mei tagongskaart, essay en in eksimplaar fan it boek yn spesjale útfiering fan in beheinde en nûmere oplage, sinjearre en mei foaryn in persoanlik kwatryn.

€ 350

De hiele set fan € 100, mar no mei in Lambda-print fan de omslachfoto troch Maartje Roos op A2-formaat, mei in wytrâne op aluminium, sinjearre troch de fotografe, út in beheinde oplage fan 50.

€ 950

De hiele set fan € 100, mar mei in fotokeunstwurk troch Maartje Roos, giclée mei ferniscoating op dibond, ‘ready to hang’, sinjearre, út in tige eksklusive oplage fan 15 stiks. In sieraad fan Fryske keunst!